Sân nije spilers foar ONS

29 maaie 2007 - 21:52

Sneonshaadklasser ONS hat tiisdeitejûn de nije seleksje foar it kommende seizoen presintearre. Seis spilers ha de klub ferlitten. Sandor van der Heide en Ton Haarman binne twa fan dy spilers.

Dêrfoar yn it plak komme sân nije spilers. Dat binne û.o. Tony Alberda, no noch Harkemase Boys, Tarek Hashemi en Martijn Roosenburg, beide fan Cambuur en Jan van der Wal en Hung Pham fan Ljouwter Sweltsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)