Eksamen Frysk yn groep 7 en 8

© Omrop Fryslân
De bern fan groep 7 en 8 diene tiisdei eksamen Frysk en dat gie multymediaal. Fia de tillevyzje en de radio krigen de bern har opdrachten en se ha ek noch in diktee. Meiïnoar meitsje goed 1300 bern it eksamen. De eksamenprogramma's binne hjoed útstjoerd, omdat dat sa yn it skema fan Jeugdtv pland is.
It eksamen berikt noch net in soad skoallen. 73 fan de 400 skoallen dy't Frysk jouwe dogge mei oan it eksamen.