Frachtauto kantele op Wâldwei

29 maaie 2007 - 16:45

In kantele frachtauto mei slachtôffal hat tiisdei foar in soad oerlêst soarge op de wâldwei tusken Drachten en De Pein. Oan it begjin fan de middei flein de frachtauto út de bocht by de oprit fan Rottefalle. Derby ferlear er syn lading en dat kaam op de dyk telanne. Omdat it foar glêddens soarge, hat de plysje besletten om beide rydstroaken yn de rjochting fan Ljouwert ôf te slúten. Dat soarge foar 3 km file.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)