De Lanen: pear lestich fallen

29 maaie 2007 - 12:16
  • Parkearplak De Lanen oan de A6 en de Tjeukemar

Op parkearplak De Lanen oan de A6 binne dit wykein in man en in frou flink lestich fallen troch twa manlju op it Hearrenfean. De manlju diene dat omdat se tochten dat se te krijen hiene mei homoseksuelen. Se folgen it pear mei de auto oant it sintrum fan It Hearrenfean ta.

De plysje hat de manlju letter oanhâlden. De manlju hawwe nei in petear mei de plysje har ekskuses oanbean oan de man en de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)