Iepenloftbios yn Frjentsjer

29 maaie 2007 - 11:46

De stêd Frjentsjer krijt in iepenloftbioskoop. De tunen fan it Eise Eisingamuseum en it Martenahûs binne de lokaasjes. De filmfoarstellings wurde organisearre troch teater De Koornbeurs.

It giet dit jier noch om in proef mei trije films. As der aardich flecht op de koai is, wol de Koornbeurs in filmhûs begjinne. De earste film wurdt yn de tún fan it Martenahûs draaid op 28 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)