Oerfal kasino Lemmer op tv

29 maaie 2007 - 10:31

Plysje Fryslân bliuwt mar drok mei de oerfallen en ynbraken by kasino's. Opsporing Verzocht hat tiisdei omtinken foar de oerfal op it kasino op 'e Lemmer fan begjin maaie. Trije manlju bedrigen doe in meiwurker mei in fjoerwapen en naaiden út mei in ûnbekend jildbedrach. Dizze saak siet earder ek al in kear yn Plysjepost.

Plysjepost freget dizze wike omtinken foar in ynbraak yn it kasino fan Balk op 13 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)