Trochstart foar Westermann

29 maaie 2007 - 09:29

It fallite ynstallaazjebedriuw Westermann fan Ljouwert makket in trochstart. De Damstra Driesum Holding nimt it bedriuw en 40 fan de 52 personielsleden oer. Dat hat in wurdfierder fan kurator Tuinman bekend makke. Damstra is eigner fan Visbeek ynstallaazjetechnyk fan Sint Anne en fan Damstra en Iedema út Dokkum.

It bedriuw hat troch de oername no ek in festiging yn Ljouwert. It tal meiwurkers komt no op 140.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)