Berltsum wint Bûnspartij

Auke van der Graaf (foto Martin de Jong)
De finale fan de Bûnspartij op Pinkstermoandei yn Frjentsjer gie tusken it partoer fan Ljouwert en dat fan Berltsum. Fan de 69 partoeren op dit NK foar senioaren wienen se de sterksten.
Auke van der Graaf, Marten Feenstra en Frederik van der Meij fan Berltsum wienen mei 5-0 en 6-0 te sterk foar Pieter Bakker, Karel Nijman en Daniël Iseger fan Ljouwert. De tredde priis wie foar Makkum.