Twa Feansters by Jong Oranje
De coach fan Jong Oranje, Foppe de Haan, hat de definitive seleksje bekend makke foar it EK ûnder de 21. By de seleksje sitte twa spilers fan SC Hearrenfean. Dat binne de ferdigeners Calvin Jong-A-Pin en Gianni Zuiverloon.
It toernoai wurdt spile fan 10 oant en mei 23 juni yn de stadions fan Arnhem, Grins, it Hearrenfean en Nijmegen.