Ofslútdyk: 75 jier âld

28 maaie 2007 - 14:11

By it monumint op de Ofslútdyk wurdt moandei feest fierd. It is op 'e dei ôf 75 jier lyn dat mei de lêste basaltblokken it gat yn de dyk ticht makke waard. Dat barde om twa minuten oer ienen middeis.

Yn it histoaryske tsjerkje fan Surch is in foto-eksposysje te sjen oer de Ofslútdyk. De foto's fan de dyk binne ek te sjen op de webside 'een dijk van een dijk.nl'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)