'Kolleezje Amelân kin bliuwe'

kolleezje hoecht net fuort, seit âld-wethâlder Hemminga
It kolleezje fan Amelân hat grutte flaters makke, mar hoecht net op te stappen. Dat seit âld-wethâlder en PvdA-riedslid fan de gemeente Tineke Hemminga. Se reagearret op it rapport fan de rekkenkeamer dat op guon punten min útpakt foar de gemeente.
De politike kultuer moat feroarje neffens Hemminga. It kolleezje hat lêsten ek al krityk hân fan de ried fanwege de beslútfoarming oer de boargemasterswenning.