Suksesfolle reis nei Dubai
De hannelsmisje fan 21 bedriuwen út it Noarden fan it lân nei de Verenigde Arabische Emiraten is in grut sukses. Seis Fryske bedriuwen makken diel út fan dit inisjatyf fan de Keamer fan Keaphannel.
It wie de earste kear dat sa'n trip organisearre waard. Der komt grif in ferfolch, neffens de KvK. De reis sil wurk foar Fryske bedriuwen opleverje.