Poster stipet postboade
Mei protestposters freget de SP yn Ljouwert omtinken foar it ferdwinen fan it wurk fan tûzenen postboades. De posters binne bedoeld as stipe.
Troch de ynfiering fan de nije Postwet sille in soad banen ferdwine. De Sosjalistyske Partij hopet dat minsken de poster fan de aksjewebside www.reddepostbode.nl helje en mei har postboade in hanteken sette ûnder in brânbrief.