Promoasje foar VV Ljouwert

28 maaie 2007 - 10:28

VV Ljouwert promovearret fan de twadde nei de earste klasse snein. Ljouwert twong de promoasje ôf troch op neutraal terrein mei dúdlike sifers te winnen fan FC Wolvegea. It waard yn Grou 3-1 foar de Ljouwerters.

Ljouwert begûn net goed oan de wedstriid. Wolvegea wie yn it begjin sterker en kaam ek op foarsprong troch in goal fan Gabe Teun Top. Mar Ljouwert makke noch foar rêst gelyk en drukte yn de twadde helte troch: 3-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)