Siler Postma wint sulver
Pieter Jan Postma fan Terkaple hat snein op de Breiling Regatta yn Medemblik it sulver behelle by it silen yn de Finn Klasse.
De 25-jierrige Postma einige yn de finale mei tsien boaten op in fjirde plak en dat wie genôch foar it twadde plak yn it klassemint. De sulveren medaille is goed foar in Olympyske nominaasje foar Peking 2008.