Brantsjes yn Wolvegea

27 maaie 2007 - 13:10

Yn Wolvegea ha sneontenacht op meardere plakken brantsjes west. Op de Julianalaan waard in tal konifearen yn 'e brân stutsen. Yn de Stadhouderslaan, de Van Goghstraat en de Rembrandstraat wiene brantsjes yn ôffalkonteners.

Allinne yn de Van Goghstraat rûn it fytsehok neist de kontener skea op, de oare brantsjes koene op 'e tiid útmakke wurde. De plysje is noch op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)