Frou mishannele op Skier

© Omrop Fryslân
In frou út Grins is sneontejûn mishannele op de Badwei op Skiermûntseach. De 30-jierrige frou waard neffens tsjûgen oant trije kear ta troch in man yn it gesicht skopt. Ek bedrige de man de tsjûgen.
De frou rûn neist ferwûnings oan it gesicht ek ferwûnings oan 'e hannen op. Se is behannele troch de húsdokter op Skier. De oarsaak leit neffens de plysje yn de relasjonele sfear.