Dag van het Park ek yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Rûnom yn Nederlân wurdt snein foar de tredde kear de Dag van het Park holden. Yn Fryslân dogge Snits, Ljouwert en it Hearrenfean mei. De dei hat foar it earst in tema: lekker ite en drinke yn it park.
Yn it Wilhelminapark yn Snits binne muzyk- en dûnsfoarstellingen, yn Ljouwert is yn de Prinsetún draaioargelmuzyk te hearren en op it Hearrenfean kinne minsken op ferskate lokaasjes sels iten meitsje.