Ferrassende winst Schievink

Henk Schievink yn aksje (foto Martin de Jong)
Henk Schievink wie sneontejûn de ferrassende winner op it Heidenskip. Yn de twadde fierljepwedstriid fan dit seizoen sprong hy 18.60m.
Bart Helmholt en Hannes Scherjon wisten harren beide net te pleatsen foar de finale. Nard Brandsma wie de bêste by de junioaren mei 17.35m. By de froulju wûn Janneke Noordmans it mei 13.36m. Alwin Fonk pleatse him net foar de finale by de jongens. Hjir wûn Henk Rijpma it mei 15.30m.