Strjitfestival oer mear dagen

It strjitfestival fan Ljouwert moat it útgroeie ta it grutste strjitfestival fan Nederlân oer meardere dagen. Dat wol de organisaasje.
Sneon wienen der tal fan aktiviteiten yn it sintrum fan Ljouwert mei teater, muzyk en acts op strjitte. De organisaasje is mei 40.000 besikers te sprekken oer de sechsde edysje fan it festival. It festival wurd ôfsletten mei The Beatles Revival op it Hofplein.