Protestkuier tsjin Sintrale As

kuierders protestearje tsjin Sintrale As
Sa'n 400 kuierders protestearren sneon tsjin de Sintrale As. Se rûnen tusken Burgum en Feanwâlden. Dêr komt de nije dyk fan Dokkum nei de Wâldwei.
Mei de tocht freegje de kuierders omtinken foar it ferdwinen fan it lânskip dat yn de midsieuwen al ûntstien is. Oft it protest doel hat, is de fraach. In mearderheid fan Provinsjale Steaten is foar de oanlis fan de Sintrale As.