'Oven sil bedriuwen lûke'

26 maaie 2007 - 12:31
  • wethâlder Jan Sijbenga fan de gemeente Harns
  • wethâlder Daan van der Meulen fan Boarnsterhim

Meardere bedriuwen wolle spesjaal nei Harns ta as de Reststoffen Enerzjy Sintrale der komt. Dat sei wethâlder Sijbenga fan Harns nei ôfrin fan de oandielhâldersgearkomste fan Omrin. Fan de 31 Fryske gemeenten stimden 23 foar de komst fan de nije ôffaloven.

Frjentsjeradiel, Menameradiel en It Bilt wienen tsjin. Smellingerlân en Skiermûntseach stimden net en Boarnsterhim, Dantumadiel en Dongeradiel woene útstel fan it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)