Harns krijt Omrin-ôffaloven

De bou fan in ôffaloven yn Harns kin trochgean. Dat hawwe de oandielhâlders fan ôffalferwurker Omrin freed besletten. Dy oandielhâlders binne de 31 Fryske gemeenten.
Op foarhân wie al dúdlik dat net alle gemeenten foarstanner fan de oven binne. It duorre dan ek mear as trije oeren foardat it beslút naam wie. In fersyk fan in tal gemeenten om it beslút út te stellen helle it net.