Nij kolleezje presintearre

Sjoerd Galema loko-kommissaris
It kolleezje fan deputearre steaten is bekend, CDA'er Galema wurdt loko- kommissaris en krijt finânsjes, gemeenten en de gas- en sâltwinning. Andriesen hâldt har portefeuille útwreide mei duorsume ûntwikkeling.
Adema fan de CU krijt ferkear en ferfier en earmoede-belied. Schokker, de twadde CDA'er sil har dwaande hâlde mei de jeugd, it wetter en de nijbou fan it provinsjehús. De Vries fan de PvdA krijt kultuer- en taalbelied.