Sintrumfisy foar De Jouwer

© Omrop Fryslân
'Samen op de zoek naar de ziel van Joure' is it útgongspunt om de problematyk yn it sintrum fan De Jouwer oan te pakken. De gemeente hat in sintrumfisy makke oant 2030. Troch twa debatten, ien foar jongeren en ien foar folwoeksenen, kinne belutsenen healwei juny reagearje op de plannen.
It sintrum fan De Jouwer is al in oantal kearen werynrjochte, mar der binne hieltyd wer foar problemen tusken de ferskate doelgroepen.