'Palliatieve sedatie' op talen

© Omrop Fryslân
It taalbelied fan it ryk tsjinoer oare streektalen as it Frysk komt del op palliatieve sedatie. Dat sei foarsitter Van Hout fan de Road veur ut Limburgs freed op in konferinsje oer streektalen yn Noardwâlde. It ryk hat yn 1996 njonken it Frysk ek it Limburchsk en it Nedersaksysk erkend.
Van Hout wol dat de streektalen meiinoar yn Den Haach opkomme foar har rjochten. Hy wol hjirfoar in mienskiplik platfoarm oprjochtsje.