Twa sintrales yn Drachten

25 maaie 2007 - 12:43

Der komme twa sintrales oan de nij oan te lizzen haven yn Drachten. It giet dêrby om in biomassasintrale en in ZEPP-sintrale. Alle twa moatte se der foar soargje dat de útstjit fan koolstofdioxide, oftewol CO2, ferminderet.

Neffens de inisjatyfnimmers fan de sintrales is it foar 95 prosint wis dat se der komme. As de Zepp-sintrale der komt, is dat de earste yn 'e wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)