Earrebarre siket nij gebiet

Oantal earrebarren stûket op 't heden
Foar earrebarren moatte nije gebieten geskikt makke wurde om de soart fierder groeie te litten yn Fryslân. Dat seit bestjoerslid Piet de Wit fan stifting It Eibertshiem. De stichting set him yn foar de earrebarre yn Fryslân.
De groei fan it tal earrebarren yn Fryslân is der op it stuit wat út. Om nije gebieten geskikt te meitsjen moat it wetterpeil omheech en mei it gebrûk fan de greiden net te yntensyf wêze.