Nij ûndersyk nedich foar Harns

25 maaie 2007 - 10:59

Nei de finansjele posysje fan Harns moat in nij ûndersyk komme. De rekkenkeamerkommisje konkludearre koartlyn dat Harns fierste folle jild oer hat. Wethâlder Waaijer wie it dêrmei sa ûniens dat er opstapte.

Belutsen partijen konkludearje no dat de rapporten net 'voldragen' binne en wolle dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt. De gemeenteried soe woansdei oer it rapport prate, mar b&w stelle foar om te wachtsjen op it ferfolchûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)