Airbags stellen op It Fean
Yn de nacht fan woansdei op tongersdei binne op It Hearrenfean de airbags stellen út acht auto's. Om binnen te kommen waard in rút fernield. De auto's stiene parkeard yn de Turfsteker, Ratelaar, Schouw, Kattebos en Trekker.
Alle eigners hawwe oanjefte dien. De plysje hat yntusken in buertûndersyk holden.