Rydferbod frachtauto

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op de A32 by It Hearrenfean in 65-jierrige frachtweinsjauffeur fan De Jouwer oanholden. De man ried gefaarlik en wie ûnder ynfloed.
Ferskate automobilisten hiene fia it alarmnûmer de plysje warskôge, omdat de sjauffeur slingere en beide rydstroken nedich hie om de frachtwein op de dyk te hâlden. De fertochte krige in rydferbod fan seis oeren en moast syn rydbewiis ynleverje.