Azc Dokkum bliuwt noch iepen

25 maaie 2007 - 09:38

It asylsikerssintrum yn Dokkum, dêr't op dit momint sa'n 600 minsken ferbliuwe, bliuwt yn elk gefal noch oant ein fan dit jier iepen. Dat sei wethâlder Appelhof fan Dongeradiel tongersdei yn de riedsgearkomste.

De gemeente komt dêrmei temjitte oan it fersyk fan it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers, it COA. Yn it AZC yn Dokkum sitte sa'n 300 oant 400 minsken dy't yn oanmerking komme foar in saneamd generaal pardon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)