Erik Landman werom by Flyers

24 maaie 2007 - 22:47

Iishockeyer Erik Landman komt sa goed as wis werom by de Vadeko Flyers. Ynkoarten ferwachtsje Landman en foarsitter Micola rûn te kommen. Nei twa jier komt hy no wer werom. By de Flyers sil hy wer tegearre mei syn broer spylje.

Landman spile earder âlve jier yn Hearrenfean. Twa jier ferlyn gie hy nei Nijmegen. Dêr waard hy foar it earst Nederlân kampioen. It ôfrûne jier spile hy foar Geleen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)