Skânsen Wetterliny opknapt

24 maaie 2007 - 17:52

Toeristen mei ynteresse yn de 80-jierrige oarloch kinne yn de takomst te plak yn Súdeast-Fryslân. Dêr kinne se de resten fan de Fryske Wetterliny sjen. Dy line fan 16e en 17e-ieuwske ferdigeningsskânsen en wetter rint dwêrs troch it súdeasten fan de provinsje. Se binne bot fertuteaze.

Lânskipsbehear Fryslân wol de skânsen opknappe. Tongersdei waard yn Aldeberkeap de earste opknapte skâns iepene: de Bekhofskâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)