Berch-ekspedysje yn Grienlân

24 maaie 2007 - 17:32

De Ljouwerters Hans Achterbosch, Ron Fonville en Harry Lunter sille in berch beklimme op in plak der't noch nea minsken west ha. Se gean 1 juny fuort nei it noardelikste puntsje fan Grienlân. Dêr wolle se in berch fan trije kilometer heech bedwinge.

De ekspedysje is net sûnder gefaar. It terrein is folslein ûnbekend en der binne ek iisbearen. As se de top helje, meie de Ljouwerters in namme betinke foar de berch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)