Aksje tsjin ôffalferbaarner

© Omrop Fryslân
Minsken dy't tsjin de komst fan de ôffalferbaarningsoven by Harns binne, fiere freed aksje. Se dogge dat by de gearkomst fan oandielhâlders. Dat binne de Fryske gemeenten. Dy nimme freed in beslút oer de komst fan de oven.
Stichting Afvaloven Nee en de Waadferiening besykje al in skoft de gemeenten sa fier te krijen dat se tsjin de komst fan de oven stimme. Freed dogge se dat nochris.