Paraplu's op Skiermûntseach

24 maaie 2007 - 17:17

Op Skiermûntseach wurde tûzen paraplu's ferparte ûnder ûndernimmers. Dy moatte se sa delsette dat besikers fan it eilân se sa meinimme kinne. De paraplu's ha twa logo's: dat fan Skiermûntseach en dat fan it 'mooiste plekje van Nederland'. It eilân hat dy ferkiezing ferline jier wûn.

As der paraplu's meinaam wurde fan it eilân, is dat gjin probleem. Sa wurdt der ek oan de wâl reklame makke foar Skiermûntseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)