Wurkstraf foar wytkwekers

24 maaie 2007 - 14:13
  • de wytkwekerij yn Schaaf
  • De eigners brûkten de fertsjinsten foar de eksploitaasje fan Schaaf

De twa eigners fan muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert ha fan de rjochtbank in wurkstraf fan 240 oeren krigen. Se wurde ferantwurdlik hâlden foar de wytkwekerij dy't yn 2005 yn Schaaf fûn waard. De manlju moatte ek in bedrach fan 19.000 euro werom betelje. Dat is jild dat mei de kwekerij fertsjinne is.

De twa krije gjin sel omdat se gjin strafblêd ha en omdat it jild dat se fertsjinnen brûkt waard foar de eksploitaasje fan Schaaf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)