Rap ynternet sûnder glêsfezel

© Omrop Fryslân
Bedriuwen en ynstellingen yn in straal fan 30 kilometer om Ljouwert hinne, kinne ynkoarten gebrûk meitsje fan fluch ynternet, sûnder dat se ôfhinklik binne fan glêsfezelkabels.
De oanlis fan dy kabels is faak te djoer en telekombedriuwen doare it risiko net te nimmen. Yn Ljouwert wurdt dêrom in stjoerder delset dy't hiel fluch ynternet mooglik makket troch de loft. Inisjatyfnimmer is it bedriuw Tele2.