Fryske sike-auto's yn Gambia

24 maaie 2007 - 12:39

Yn Gambia rydt ynkoarten in twadde Fryske ambulânse. De sike-auto fan Flylân is oan it Afrikaanske lân skonken en no krijt Gambia dy fan Skiermûntseach ek. Beide ambulânses binne eigendom fan it universitêr sikehûs fan Grins.

De Gambiaanske minister fan Sûnens hat yn it Drintske Tynaarlo in gearwurking ûndertekene mei Drintsk en Frysk ambulânsepersoniel. Sij sille opliedings fersoargje yn Gambia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)