Ljouwerters jouwe gemeente 7,8

Mear parkearplakken smyt wurdearring op yn Ljouwert
Ynwenners fan Ljouwert binne fan't jier wat better te sprekken oer de gemeente. Ferline jier krige de tsjinstferliening fan Ljouwert in 7,1. No krijt de gemeente in 7,8. De sifers komme út in lanlik ûndersyk yn 80 gemeenten.
Ljouwert stiet no op it tsiende plak en dat is flink heger as ferline jier. Ien fan de punten dy't ferbettere is yn Ljouwert, is de parkeargelegenheid.