Eigen projektburo Westergosône

© Omrop Fryslân
De Westergosône tusken Ljouwert en Harns moat in eigen projektburo krije. Dat fynt de steatefraksje fan it CDA. It buro moat besjen oft it mooglik is om de Westergosône regelfrij te meitsjen. Yn Sjanghai yn Sina is dat bygelyks sa. Dêr is it makliker om bedriuwen op te setten of út te wreidzjen.
It CDA fynt ek dat de Westergosône deselde kânsen ha moat as de A7-sône. Dy hat al in projektburo.