Plysje pakt brânstifters op

24 maaie 2007 - 10:02

Twa jonge Drachtsters (16 en 18) wurde der troch de plysje fan fertocht sa'n 26 kear brân stifte te hawwen yn har wenplak. De brannen wienen ûnder oare yn in skoalle, twa hûzen, yn ôffalkontainers en konifeare-hagen.

De 18-jierrige koe oanhâlden wurde nei in tip. De 16-jierrige waard dêrnei op oanwizen fan de 18-jierrige oppakt. By ien fan de brannen wie ek noch in 19-jierrige Drachtster belutsen. Se makken de brannen fanwege de kick.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)