Oefenromte foldocht net mear

23 maaie 2007 - 22:42

De oefenromte fan de drumband Rhythm Stars yn Snits moat rap opknapt wurde. Der is al 20 jier neat dien oan it âlde skoalgebou oan de Griend. Omdat de gemeente de eigner is fan it gebou, moat dy ek opdraaie foar de kosten, sa fynt it bestjoer fan de drumband.

Oft dat ek bart is mar de fraach, hielendal no't susterferiening Advendo ek om subsydzje frege hat. De gemeente siket no út of't der in oplossing is dy't goed is foar beide ferienings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)