Berber wer aktyf

23 maaie 2007 - 21:13

Turnster Berber van den Berg fan it Hearrenfean makket har rentree yn it wedstriidturnjen. Under lieding fan coach Marian Otter sil sy meidwaan oan de fjouwerkamp op in ynternasjonaal toptoernoai yn Lugano, yn Switserlân.

Van den Berg hat earder in soad wedstriden ôfsein yn ferbân mei blessueres. Ek koe se betiden de motifaasje net opbringe. De Lugano Cup is in ynternasjonaal swier beset toernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)