Brân Appelskea net oanstutsen

byld fan de grutte supermerkbrân
De brân by de Poiesz-supermerk yn Appelskea is net oanstutsen. Dy konklúzje lûkt de plysje nei it earste technyske ûndersyk fan woansdei. Ut dat ûndersyk waard ek dúdlik dat de brân yn 'e supermerk sels begûn is en net yn de kleanwinkel njonken de supermerk, sa't earst tocht waard.
De plysje hat meiinoar al fyftjin tsjûgen heard yn de saak. Dy minsken koene ek eigen makke foto's en filmkes ynleverje by de plysje.