Ferfolge foar mishanneling fee

© Omrop Fryslân
It iepenbier ministearje hat definityf besletten om twa minsken te ferfolgjen foar it mishanneljen fan bisten op de Ljouwerter feemerk. In tredde fertochte wurdt net ferfolge omdat der net genôch bewiis fûn is.
Dat jildt ek foar in persoan dy't bisten mishannele ha soe op de feemerk fan Utert. De mishannelings waarden nei bûten brocht troch de stichting Dier en Recht, dy't yn it geheim bylden makke en ek oanjefte die.