Sinezen wiis mei Frysk hynder

© Omrop Fryslân
De kranten yn Sina wurde op dit stuit dominearre troch nijs oer Fryske hynders. Yn alle kranten yn de provinsje Sichuan stiet prominint it nijs oer de trije hynders dy't Fryslân kado jûn hat.
Deputearre Piet Bijman is op it stuit mei in Fryske hannelsdelegaasje yn Sichuan en sjocht dat de Sinezen dêr tige wiis binne mei de jefte. Mei it kado fiert Fryslân de 5-jierrige freonskipsbân mei Sichuan.