Soad kaarten oer foar jeugd-EK

© Omrop Fryslân
It Europeesk Kampioenskip foar fuotballers ûnder de 21 jier is noch lang net útferkocht. Der binne noch sa'n fjouwer tûzen kaarten beskikber foar it toernoai op It Hearrenfean.
Oer in lytse trije wiken, op 10 juny, is de earste wedstriid al yn it Abe Lenstrastadion, Nederlân - Israël. In soad minsken dy't kaarten reservearre hawwe, helje de kaartsjes net op. Mei koartingsaksjes wol de organisaasje no de oerstallige kaarten ferkeapje.