Drugs yn Bakkefean en Berltsum

23 maaie 2007 - 10:34

De plysje hat tiisdei yn Bakkefean in grutte wiet-kwekerij oprôle. Yn in wenning oan de Ferlingde Skiedingswei stiene goed 1500 planten. De planten en de brûkte apparatuur binne yn beslach naam en ferneatige.

Ek yn Berltsum waard in lytse himpplantaazje fûn yn in skoarre neist in wenning oan It Dok. De 47-jierrige bewenner is oanhâlden. Beide kwekerijen binne fûn nei anonime tips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)